Frysk wetter krijt mear romte

14 mrt 2006 - 19:37

It wetter yn Fryslân krijt mear romte: de kapasiteit fan besteande gemalen wurdt útwreide en der komt in nij gemaal by Fiifhuzen. Dat binne in pear fan de maatregels dy't it Wetterskip Fryslân de kommende jierren nimt yn de striid tsjin it oerstallige wetter.

Troch de maatregels hoecht der foarearst gjin gemaal by Harns boud te wurden. Alle maatregels kostje meiïnoar 61 miljoen euro. Dat hat it Wetterskip moandei bekendmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)