Frysk sukses yn Berlicum

26 sep 2011 - 11:26

It duo Reina Hibma en Janny van Slooten is sneon yn it Brabânske Berlicum kampioen wurden by de Nederlânske kampioenswedstriid blazersolisten.

Hibma op sopraansaksofoan en Van Slooten op altsaksofoan hellen 88,5 punten. Beide muzikanten binne lid fan fanfare Constantia yn Menaam. Se wûnen yn april al in konkoers foar solisten. De wedstriid fan sneon waard organisearre troch de Verenigde Nederlandse Muziekorganisaties.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)