Frysk sukses op NK Breda

11 mrt 2012 - 14:54

Reedrider Paul-Yme Brunsmann fan Twellingea hat snein by it NK ôfstannen foar junioaren B yn Breda de nasjonale titel pakt op de 1500 meter. Mei syn tiid 1.55.15 liet er syn doarpsgenoat Nils Ate de Boer en Bram van Schie efter him.

By de froulju gong de winst nei Jade van der Molen. Wendy Looijenga fan De Gordyk waard 3e mei in tiid fan 2.06.52.

Op de 1500 meter wie der goud foar Yvonne Nauta, en letter ek noch op de 5 km. Se pakte dêrmei har 3e gouden medalje by de neo-senioaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)