Frysk sukses iepen NK swimmen

14 jun 2010 - 10:10

De Fryske dielnimmers hawwe op it iepen Nederlansk kampioenskip swimmen yn Eindhoven mar leafst acht medaljes binnen helle. De ferdieling wie 1 kear goud, 3 kear sulver en 4 kear brûns.

It goud wie foar Arjen van der Meulen op de 1500 meter frije slach. Op de 400 meter pakte hy sulver. Ek sulver foar Ilse Kraaijeveld en Lia Dekker op de 100 frij en 100 skoalslach. Foar Dekker (200 skoal), Kraaijeveld (50 frij) en Vincent van Iperen (800 frij, 400 wiksel) wie der ek noch brûns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)