Frysk Strjittefestival grutter

27 apr 2010 - 11:16
  • Lansearring nije website Frysk Strjittefestival (foto: Omrop Fryslân)

It Frysk Strjittefestival pakt dit jier grutter út as oars. Der binne 120 strjitteateracts en 50 muzykoptredens. It festival is yn it lêste wykein fan maaie yn 'e binnenstêd fan Ljouwert.

It begjint op freed by de Aldehou mei in programma foar bern. Op sneon is der yn 'e hiele binnenstêd strjitteater en muzyk. Op snein is de ôfsluter op it Aldehoustertsjerkhôf en it Riedhúsplein. Der binne dit jier ek twa nije poadia, yn 'e Prinsetún en oan 'e Twibaksmerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)