Frysk Strjitfestival kin dochs trije dagen duorje

17 mrt 2016 - 10:43
  • In foto fan in eardere edysje fan it strjitfestival

De organisaasje fan it Frysk Strjitfestival kin mei it ekstra jild fan de provinsje dochs in evenemint fan trije dagen opsette. Mei de subsydzje kin no ek foar sneintemiddei in programma makke wurde. Undernimmers fersoargje it programma op freedtejûn.

Earder like it derop dat it strjtifestival mar ien dei wêze koe, omdat der jildkrapte wie. Mar de provinsje kaam mei ekstra jild oer de brêge. De organisaasje is der bliid mei, mar moat no ûnder grutte tiidsdruk it folsleine programma noch ynfolje. It strjitfestival is op 27, 28 en 29 maaie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)