Frysk sportgala op It Fean

15 des 2009 - 14:00

Op It Hearrenfean wurdt in grut sportgala organisearre foar de Fryske sporters omdat Fryslân in sportprovinsje is. Op dat gala wurde de provinsjale sportprizen ferdield.

Oant no ta wie dat gjin grut barren. Wol binne der al in soad gemeentlike sportgala's. De kampioenen dy't dêr huldige wurde, krije ek in útnoeging om nei It Hearrenfean te kommen. Uteinlik moat it in dei fan de Fryske Sport wurde. It provinsjale sportgala is op 15 april.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)