Frysk Smurfeliet op cd

19 feb 2006 - 13:39

De Fryske ferzje fan it 'Smurfenlied' komt noch dit jier út op cd. De sjonger en betinker fan it wrâldferneamde liet Pierre Kartner, oftewol Vader Abraham, hat de Fryske oersetting goedkard. Dy oersetting is makke troch programmamakker Oncko van Kammen fan Omrop Tytsjerksteradiel.

Pierre Kartner sil it smurfeliet nei alle gedachten yn maaie opnimme. Hy wol graach in achtergrûnkoarke mei Ed Nijpels en Anneke Douma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)