Frysk skûtsje reizget nei Limboarch foar Scroogefestival

11 des 2015 - 10:53

It skûtsje "De Dikke Otter" is it kommende wykein te sjen by it Scroogefestival yn it Limboarchske Arcen. It skip fan it bedriuw Annage Skûtsjesilen út Earnewâld sil freed fan Fryslân nei Limboarch ta transportearre wurde troch Bolt Transport út Drachten. It skûtsje komt yn de Maas te lizzen.

It Scroogefestival wurdt twajierliks yn Arcen organisearre. De klok wurdt sneon en snein werom setten nei it jier 1850. De bewenners sille yn 'Dickensklean' rinne

Njonken it skûtsje "De Dikke Otter" is ek de Fryske beropsfisker Ale de Jager op it festival. Hy sil dêr ielrikje. Der komme ûngefear tweintich tûzen minsken nei it festival ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)