Frysk Skipfeartmuseum komt mei ferhaleboek

20 nov 2015 - 19:08

In nij boek moat de ferhalen fan it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits better ûnder de oandacht bringe by it grutte publyk. Freedtejûn waard it wurk presintearre oan deputearre Sietske Poepjes en oan de frijwilligers fan it museum. Yn it boek wurde 64 foarwerpen út de kolleksje útljochte.

Mei it boek wol it museum temjitte komme oan de winsk fan in soad besikers dy't graach mear witte wolle oer de ferhalen efter de foarwerpen. It is fan sneon ôf te keap.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)