Frysk skepiis op Lowlands

04 aug 2010 - 13:00

IIsbedriuw De_Jong fan De Gordyk sil skepiis ferkeapje op it kommende Lowlandsfestival. Tweintich meiwurkers fan De Jong sille op it festivalterrein farske kâlde lekkernijen meitsje en ferkeapje. It Fryske bedriuw hat noch nea earder op in grut festival iisprodukten ferkocht.

It trijedeisk popfestival yn de polder by Biddinghuzen wurdt ein augustus wer holden. Ferline jier luts it festival in lyts 50.000 besikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)