Frysk sjoernalist wist as ien fan de earsten fan 'Panama'

05 apr 2016 - 20:23
  • Panama City

De Fryske sjoernalist Joop Bouma wie ien fan de earsten yn Nederlân dy't wist dat de Panama Papers kommendewei wienen. As lid fan de Amerikaanske organisaasje fan ûndersykssjoernalisten ICIJ waard er ein foarich jier troch dy organisaasje benadere mei de fraach oft syn krante ek belangstelling hie foar de rom 11 miljoen dokuminten.

By syn krante, Trouw, ha se doe de koppen bymekoar stutsen, en besletten om it projekt op te pakken mei help fan kollega's fan it Financieele Dagblad. Dêr ha se mear doel oer jild.

Neat mocht útlekke
It wie in yngewikkeld proses, seit Bouma. Neat mocht útlekke. "Je hebt te maken met journalisten uit 140 landen. Je moet dus heel goed op elkaar vertrouwen, want het mag niet uitlekken."

Moannenlang opsletten
"Mijn collega's zijn er maandenlang mee bezig geweest," seit Bouma, "ze hebben zich opgesloten in een hokje, in een kamertje op de krant, waarvan sommige collega's zich ook afvroegen wat ze daar eigenlijk deden, en wat er uit zou komen."

Ljouwerter Krante
Bouma wurke yn de jierren 80 foar de Ljouwerter Krante, en no is er ûndersykssjoernalist by Trouw. Foar dy krante skreau er earder oer lobby fan de tabaksyndustry by it ministearje fan Folkssûnens.

It hâldt net op
De Amerikaanske ICIJ sil úteinlik alle 11 miljoen dokuminten fan de Panama Papers iepenbier tagonklik meitsje, seit Bouma. De kommende twa wiken kinne we der noch mei regelmaat publikaasjes oer temjitte sjen. "Maar je moet bij dit soort projecten de lezer ook niet doodgooien met artikelen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)