Frysk rekord foar Bart Helmholt

12 jun 2006 - 15:43

Bart Helmholt fan Hurdegaryp hat sneon yn Winsum in nij Frysk rekord ljept. Hy sprong 19,22 meter. It is foar it earst yn de skiednis dat in Fries boppe de 19 meter ljept. Helmholt nimt it rekord oer fan Henk Schievink. Mei in sprong fan 18,89 wie hy oant no ta de rekordhâlder.

It Nederlânsk rekord fan Aart de With soe dit seizoen wolris sneuvelje kinne. It stiet op 19,40.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)