Frysk rekôr Albert-Jan Venema

08 jul 2010 - 12:36
  • Albert-Jan Venema yn aksje yn Drylts (foto's: Martin de Jong)

Albert-Jan Venema fan Feanwâlden hat woansdeitejûn by de fierljepwedstryd yn Drylts it Frysk rekôr foar junioaren ferbettere. Venema sprong 19.82 meter. Dat is tsien sentimeter mear as it âlde rekôr fan Hannes Scherjon. Venema springt dit jier foar it earst by de junioaren.

Yn de topklasse wûn Bart Helmholt fan Burgum foar de safolste kear dit seizoen in wedstryd mei in ôfstân fan 20.16 meter. Hannes Scherjon pakte dêr it twadde plak mei 19.23.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)