Frysk pear komt om yn Frankryk

22 aug 2008 - 09:59
  • Anne en Wies de Jong (foto fam. De Jong)

Echtpear De Jong út Fryslân is tiisdei yn Frankryk om it libben kommen, neidat harren syljacht sonk yn 'e Golf fan Biskaje. De man en de frou waarden woansdeitemoarn dea werom fûn. De man spielde oan by Biscarosse yn Les Landes, syn frou op it strân fan La Teste-de-Buch, 5 kilometer fierderop.

It echtpear wie ûnderweis op it tolve meter lange syljacht Louise. Neidat se har mêst ferlearen yn in stoarm mei golven fan fiif meter heech, fregen se noch oer de radio om help.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)