'Frysk parkeare' op It Fean

13 mrt 2007 - 15:52

De parkeargaraazje oan it Geerts Willigenplein op It Hearrenfean kin rekkenje op lanlike belangstelling. De betelautomaten jouwe ûnder oare ek oanwizings yn it Frysk. Foar safier bekend hat It Hearrenfean dêrmei de primeur.

De offisjele iepening wie tiisdei en fan woansdei ôf kin der ek echt parkeard wurde. Der is plak foar 325 auto's of motors en der is twa jier wurke oan de bou fan de garaazje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)