Frysk Officepakket yn 2010

04 apr 2008 - 10:45
  • De planning is dat de Frysktalige ferzje fan Microsoft Office yn 2010 klear is.

De provinsje Fryslân en Microsoft ûntwikkelje tegearre in Frysktalich Office-pakket, dat foar eltsenien tagonklik wurde moat. As earste stap is de saneamde Community Glossary oerset yn it Frysk. Deputearre Jannewietske de Vries makke dit tongersdei bekend op in debat mei Eurokommissaris Orban yn Ljouwert.

De planning is dat de Frysktalige ferzje fan Microsoft Office yn 2010 klear is. Alle langere Office-teksten moatte noch oerset wurde yn it Frysk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)