Frysk net populêr op skoalle

09 mrt 2009 - 16:14
  • Folle minder bern kieze Frysk as eksamenfak

It tal learlingen yn it fuortset ûnderwiis dat it Frysk as eksamenfak kiest is 'dramatysk leech'. Dat soe wolris komme kinne omdat dosinten in negatyf advys jouwe oer it fak. Dat tinkt alteast Jelle Bangma fan ûnderwiistsjinst Cedin.

Neffens him diene ferline jier sa'n 80 learlingen eksamen yn hiel Fryslân en binne dat der no noch mar sa'n 30. In artikel yn de Dockumer krante oer in learling en dosinte dy't fine dat har skoalle anty-Frysk is, befestiget dat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)