Frysk net ferbean yn hotel

25 apr 2009 - 12:35
  • Personiel Post Plaza mei wol Frysk meielkoar prate

Amtners fan de provinsje ha kontakt opnommen mei it Post Plaza Hotel yn Ljouwert oer it brûken fan it Frysk op de wurkflier. De direksje fan it hotel hat doe sein dat it brûken fan it Frysk yn it hotel net ferbean is. Dat antwurdet it kolleezje op fragen fan de FNP.

Dy partij makke him soargen dat personiel ûnder elkoar gjin Frysk prate meie soe. As dat sa wêze soe, wol de FNP dat de provinsje gjin saken mear docht mei it hotel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)