Frysk Museum wol publyk hearre

20 apr 2004 - 00:00

It Frysk Museum wol de stim fan it publyk hearre oer it nije museum op it Saailân. Dat soe barre moatte op byienkomsten ûnder de namme Nieuw Fries Museum-salon.

It plan is om op it Saailân in nij museum te bouwen mei in legaat fan de ferstaorne arsjitekt Abe Bonnema. Oer de ynfolling wurdt wakker ûngelyk tocht. De publyksjûnen moatte dúdlik meitsje wat de besikers wolle. Dêrta wurde noch diskusjetema's opsteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)