Frysk Museum link mei Fryslân

10 jan 2013 - 16:35
  • Fries Museum

Keunst dy't in link hat mei Fryslân en wat fertelt oer ús provinsje. Dat is de ynstek foar de útstallingen yn it nije Frysk Museum. It museum joech tongersdei al in lyts foarpriuwke. Direkteur Saskia Bak hat tritich romtes om te foljen mei keunst. Tongersdei wie der in koarte taljochting oer fjouwer grutte eksposysjes dy't fan septimber ôf te sjen binne.

Keunstners fan oer de grinzen bliuwe wolkom, mar der moat wol in link mei Fryslân wêze. Ferhalen oer de Fryske kultuer en histoarje krije in belangryk plak.

Der is lykwols ek romte foar moderne keunst. It Mondriaanfonds hat in subsydzje beskikber steld fan 50.000 euro foar de oanskaf fan moderne keunst. It Frysk fersetsmuseum krijt in eigen plak binnen it Frysk Museum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)