Frysk Museum begjint kampanje

12 jan 2006 - 11:06

It Fries Museum yn Ljouwert hâldt no sneon iepen hûs. Minsken meie efter de skermen sjen en meiwurkers fertelle oer wat sy op in dei dogge. Ek geane de oars altiten sletten depots iepen.

Mar benammen sil it museum de dei oangripe om it publyk op de hichte te bringen fan de plannen foar it nije Fries Museum op it Saailân. Alle foarstanners en tsjinstanners fan dy plannen fiere op dit stuit drok kampanje. En no dus ek it museum sels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)