'Frysk moat selde status ha'

17 feb 2010 - 09:59

De Fryske taal moat op pjutteboartersplakken deselde status krije as de Nederlânske taal. Dat bepleitet Tytsjerksteradiel by de Feriening fan Fryske Gemeenten. Dy sil it by de Feriening foar Nederlânske gemeenten oankaarte.

Neffens de gemeente is it misgien by it meitsjen fan in wetsfoarstel. Dêryn stiet dat yn pjutteboartersplakken de Nederlânske taal de fiertaal is en dat by útsûndering in oare taal brûkt wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)