Frysk moardspul yn hiele lân

20 maaie 2014 - 15:55

It Moordspel, in inisjatyf fan de Fryske biblioteken, krijt in lanlik ferfolch. Dit jier kinne alle biblioteken yn Nederlân meidwaan oan it spultsje. In moanne lang wurdt om de pear dagen in part fan in misdiedferhaal op ynternet setten. De dielnimmers moatte sa gau as mooglik de puzzel oplosse.

De start fan de tredde edysje fan Moordspel is op 30 maaie. Skriuwster Marion Pauw hat dit jier it ferhaal skreaun.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)