Frysk lid Jonge Democraten stjoert driichtweet nei Wilders

25 feb 2016 - 19:50
  • De driichtweet oan Wilders

In lid fan de Jonge Democraten Fryslân soe Geert Wilders op Twitter bedrige hawwe. Dat meldt de Terrorisme Monitor. Wilders twittere tongersdei in foto fan de driigjende teksten dy't er op it sosjale medium krigen hie. Dêryn skreau Mahir Mohamed ûnder oare: "Geert Wilders, kom een keer naar Drachten. Ik schiet een kogel door je kutkop. Ik snij je open en voer je aan de varkens." It twitteraccount fan de skriuwer is yntusken ferwidere. De Jonge Democraten Fryslân litte witte dat se "met kracht afstand nemen van de berichten".

Ek sil it lid dat de driichtweet stjoerd hat, royeard wurde. Mohamed wie sûnt in jier al net mear aktyf as lid. Foarsitter Ruben Feiken fan de Jonge Democraten Fryslân hat noch besocht kontakt te krijen mei him, mar dat is net slagge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)