'Frysk libbet as nea tefoaren'

30 sep 2004 - 14:11

De Fryske taal libbet as nea tefoaren. Lûden as soe it Frysk oer inkelde tsientallen jierren bedrige wurde, binne te negatyf. Dat sei deputearre Mulder woansdeitemiddei by de presintaasje fan in Fryske cd-rom foar skoalbern yn Opsterlân.

Mulder reagearret dêrmei op de wurden fan Jelle Breuker, âld-taalamtner fan de provinsje, ôfrûne sneon by de betinking fan de slach by Warns. Dy foarsei dêr sels de dea fan it Frysk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)