Frysk lânbouprojekt foar Gaza

21 apr 2008 - 22:26

De Feriene Naties ha it Ljouwerter bedriuw Living Foods frege om in plan te meitsjen foar in lânbouprojekt yn de Gazastrook.

It bedriuw makket wetterbesparjende kweeksystemen foar gewaaksen. Omdat yn de Gazastrook net folle wetter is, wol de VN de systemen fan Living Foods teste. De Palestijnen yn flechtlingekampen kinne sa sels tomaten of oare griente ferbouwe. It bedriuw docht mooglik ek mei oan in wetterprojekt yn Jemen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)