Frysk kampioenskip jeugdfiskjen

18 maaie 2002 - 00:00

It Frysk kampioenskip jeugdfiskjen dat sneon hâlden waard, wie in grut súkses. Tsientallen jongerein oant 19 jier sieten sneontemoarn lâns it Alddiel by Ljouwert.

Se lieten harren net ôfskrikke troch aksjes fan guon minsken dy't wolle dat der in ein komt oan it sportfiskjen. Koartlyn giene fanwege oankundige aksjes fiskwedstriden foar de skoaljeugd oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)