Frysk Kampioenskip fuotbaljen

17 nov 2011 - 20:44

Op de Harkema wurdt kommende simmer mooglik in offisjeus Frysk kampioenskip fuotbal hâlden. De bedoeling is dat de trije sterkste klups fan de provinsje, Hearrenfean, Cambuur en Harkemase Boys der oan mei dogge. De wedstriden soenen plak fine moatte yn in toernoaifoarm, as it kin op sportpark De Bosk, de akkomodaasje fan Harkemase Boys. It idee is yn in streamfersnelling kaam, nei it ferstjerren fan Fritz Korbach, dy't by alle trije klups trainer west hat. Mooglik dat it evenemint ek de namme 'Fritz Korbachtoernoai' krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)