Frysk jild foar Sina

23 okt 2008 - 16:44

De hegeskoalle yn de Sineeske stêd Wenchuan krijt freed fan de provinsje in sjek fan 100.000 euro. It jild sil troch it Aba Teachers College brûkt wurde foar it wer opbouwen fan in bibleteek en in fertaalsintrum.

Wenchuan leit midden yn de provinsje Sichuan. Dat gebiet waard yn maaie dit jier troffen troch in swiere ierdbeving. 80.000 minsken kamen dêrby om it libben, hast 400.000 rekken ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)