Frysk Jeugdorkest wint konkoers

25 apr 2006 - 12:32

It Frysk Jeugdorkest hat snein de finale fan it earste Nasjonaal Konkoers foar jeugdsymfonyorkesten wûn. Under lieding fan Theo Brouwer naam it orkest it yn De Doelen yn Rotterdam op tsjin oare jeugdorkesten.

De sjuery ûnder liedeing fan Emmy Verhey fûn it Frysk Orkest de bêste om harren moaie orkestklank, ritmyske presysje en goeie yntonaasje. Oan it winnen fan de haadpriis is ek noch in jildbedrach fan 15.000 euro ferbûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)