Frysk Jeugd Orkest wiis mei optreden foar keningspear

27 sep 2015 - 10:34

It Frysk Jeugd Orkest hat it stik 'Van Oranje' fan Carl Wittrock neffens dirigint Theo Brouwer noch noait sa goed spile as sneon yn Amsterdam. It optreden fan it Frysk Jeugd Orkest makke diel út fan it slotfeest fan 200 jier Keninkryk yn teater Carré.

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima wienen dêr ek by. De spanning by de jonge muzikanten wie neffens Brouwer grut, mar dêrtroch waard it spyljen allinnich mar better. Nei ôfrin hat de dirigint koart mei de keninklike famylje praat. Dêrby ha se him komplimintearre mei it optreden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)