Frysk hynstesintrum fallyt

27 jun 2003 - 00:00

It Frysk hynstesintrum yn Drachten is fallyt. Dat hat foarsitter Van der Meulen fan it Frysk Hynste Stamboek, de grutste skuldeasker, freed bekendmakke. De 37 personielsleden krije dien.

It hynstesintrum, dat twa jier lyn iepene is, hat in skuld fan 1,2 miljoen euro. Dat tekoart is kaam om't rekkene wie op mear ferhier oan tredden. Ek de ynkomsten fan it restaurant en it hotel foelen ôf. It hynstestamboek wol sjen oft in trochstart mooglik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)