Frysk hynder yn teaterstik

03 okt 2013 - 11:23
  • Frysk Hynder
  • Presintaasje plannen Faderpaard

Der komt takom jier in spektakulêr muzykteaterstik mei in sintrale rol foar it Frysk hynder. It giet om it nije stik 'Faderpaard', ynspirearre troch it gedicht mei deselde namme fan Tsjêbbe Hettinga. Faderpaard wurdt regissearre troch Jos Thie en is yn bepaald opsicht in ferfolch op de súksesfolle foarstelling Kening Lear, tsien jier lyn.

It stik wurdt opfierd ta gelegenheid fan it 135-jierrich bestean fan it Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek en sil plakfine yn it WTC Expo yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)