Frysk Hynder wurdt opset

17 apr 2008 - 12:36
  • It fryske hynder tenei ek te sjen yn in museum
  • Dit is de hûd fan Keje

It Frysk Natuermuseum sil takom wike in Frysk hynder preparearje en opsette. De hynst Keje fan 'e Kilewier is it earste Fryske hynder dat opset wurdt. Keje is soan fan de ferneamde fokhynst Oege fan 'e Kilewier. It preparearjen duorret in heal jier en is te folgjen troch in webcam op de webside fan it museum.

De hynst sil úteinlik te sjen wêze yn it Frysk Lânboumuseum, in nij museum yn Earnewâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)