Frysk greidefûgelbelied net goed

21 des 2004 - 13:16

It greidefûgelbelied fan de provinsje Fryslân smyt neat op. Dy krityk komt fan it ministearje fan lânbou. Dat fynt dat de gebieten foar greidefûgels wol ûnder de ekologyske haadstruktuer falle kinne. Dat soe betsjutte dat boeren gjin jild mear krije as se har lân ôfstean foar de natuer.

It ministearje neamt as argumint dat de populaasje greidefûgels net tanimt troch it Fryske belied. Deputearre Andriesen is it dêr net mei iens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)