Frysk-Frysk wurdboek komt deroan

27 feb 2001 - 16:27

De Fryske Akademy is hast klear mei it Frysk-Frysk wurdboek. Sûnt 1990 wurdt oan it ientalige ferklearjend hânwurdboek wurke. Fan de 70.000 begripen binne 60.000 al yn it Frysk útlein.

It Frysk-Nederlânsk wurdboek ferskynde yn 1984 en de Nederlânsk-Fryske ferzje in jier letter. It nije wurdboek is goed foar de status fan it Frysk. De útlis yn eigen taal jout bettere nuânses wer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)