Frysk fierljeprekôr jonges

05 aug 2009 - 22:51
  • Bart Helmholt wûn de topklasse (foto: Martin de Jong)
  • De rekôrsprong fan Albert-Jan Venema

Yn in geweldige fierljepwedstryd yn Drylts hat Albert-Jan Venema fan Feanwâlden woansdeitejûn it Frysk jongesrekôr ferbettere oant 18.80 meter. Dat is 35 sintimeter fierder as it âlde rekôr en mar 8 sintimeter minder as it Nederlânsk rekôr.

Venema wie net de iennige mei in útsjitter. Bart Helmholt wûn de topklasse mei 20.65, 11 sintimeter ûnder it Frysk rekôr. Anna Jet Leyenaar benadere mei in sprong fan 15.76 har Fryske rekôr op 4 sintimeter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)