'Frysk Festival om de 3 jier'

20 sep 2006 - 10:30

Yn 2008 moat der wer in Frysk Festival komme. Dat advisearret in spesjale wurkgroep fan saakkundigen oan it provinsjebestjoer. Oant en mei 2000 waard der om de fiif jier in aktiviteit yn it ramt fan it Frysk Festival organisearre.

Foarbylden dêrfan binne it teaterstik Abe yn 1995 en Orpheo Aqua yn 2000. De wurkgroep fynt dat der tenei ienris yn de trije jier in grut ynternasjonaal kultureel evenemint komme moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)