Frysk famke (8) maskotte op WK

13 maaie 2006 - 13:10

Bûnscoach Marco van Basten hat dan wol gjin Friezen selektearre foar syn team, dochs stiet der op it WK fuotbaljen in Friezinne op it fjild. It giet om de 8-jierrige Elina van der Zee út Stiens.

Sy is útkeazen as spilersmaskotte by de wedstriid fan Nederlân tsjin Argentinië. Tegearre mei har heit mei se nei Dútslân. De spylster fan CSL waard útkeazen nei oanlieding fan in kleurwedstriid fan in hamburgerketen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)