Frysk én Limboarchsk folksliet

17 jan 2014 - 14:50

By de wedstriid tusken SC Hearrenfean en Roda JC sneontejûn sil yn it Abe Lenstrastadion net allinnich it Fryske folksliet klinke, mar ek dat fan Limboarch. De KNVB hat hjir tastimming foar jûn. De lieten sille spile wurde troch de Harmonie fan Akkrum. Reden hjirfoar is dat de dirigint fan de Harmonie oarspronklik út Kerkrade komt en supporter is fan Roda JC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)