Frysk earste taal SW-gemeente

01 jul 2009 - 13:49

De earste bestjoerstaal fan de nije fúzjegemeente yn de Súdwesthoeke moat it Frysk wêze. Dat fynt boargemaster Brok fan Snits. Hy seit dat op persoanlike titel. De fiif gemeenten dêr't it om giet, moatte der noch oer te set. Fan de gemeenten dy't fusearje sille, binne twa al Frysktalich. Dat binne Wûnseradiel en Wymbritseradiel.

De oare trije, Snits, Boalsert en Nijefurd, binne safier noch net. De provinsje hat in posityf advys oer de weryndieling nei it ryk stjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)