Frysk earepodium op NBK

03 des 2011 - 17:31

By de Nederlânske brassbandkampioenskippen (NBK) yn Grins binne sneon yn de twadde divyzje trije Fryske bands yn de prizen fallen. Excelsior út Ferwert waard earste, De Lofklank út Oerterp twadde en Euphonia út Wolvegea tredde. Excelsior stiet ûnder lieding fan Herman Sipma.

Der diene fiif Fryske brassbands mei oan de twadde divyzje en trije stiene dus op it earepoadium.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)