Frysk Deiblêd as tabloid

12 maaie 2011 - 17:03
  • Haadredakteur Kooistra besjocht it fernijde FD (foto: Martin de Jong)

It Frysk Deiblêd ferskynt fan freed ôf op lytser formaat. Dêrmei is de twadde krante fan Fryslân earder mei it tabloidformaat as de gruttere Ljouwerter Krante. It deiblêd grypt de gelegenheid oan om ek mar mei in nij logo te kommen.

Haadredakteur Kooistra jout freed de earste tabloid-FD oan de widdofrou fan âld-steatssiktaris Klaas de Jong. Dy wie bot by de krante belutsen. De Jong ferstoar begjin maart hommels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)