Frysk Deiblêd plantet bosk

01 jul 2003 - 00:00

It wie tiisdei krekt 100 jier lyn dat it Frysk Deiblêd foar 't earst as abonneekrante útkaam. De kristlike krante hat dêrom foar de kommende tiid in tal eveneminten op it programma.

Sa sil de redaksje troch de provinsje op toernee, ferskynt der in jubileumboek en wurdt der in bosk oanplante. Dat bosk moat by Bûtenpost komme en mei finansjele stipe fan abonnees oanplante wurde. De opbringst giet nei it natuerbehear yn Brazilië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)