Frysk damjen yn Frjentsjer

27 jun 2009 - 16:01
  • It Frysk damjen yn Frjentsjer

Yn it âlde stedhûs yn Frjentsjer waard sneon in grutmastertoernoai Frysk damjen spile. De damklup De Rûge Wolf út Lollum brûkt it toernoai as earbetoan oan it damspul dat, sa hat út ûndersyk bliken dien, ea yn de omkriten fan Frjentsjer betocht is.

Yn ús provinsje binne noch inkelde hûnderten minsken dy't it Frysk damspul beoefenje. Dizze wedstriid moat it spul ek yn Frjentsjer wer op de kaart sette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)