Frysk D66; yn kabinet bliuwe

27 apr 2006 - 13:44

De Fryske leden fan D66 fine net dat D66 út it kabinet stappe moat. Woansdeitejûn waard dêr yn Ljouwert by de algemiene ledegearkomste oer stimt. De moasje fan de ôfdieling Lemsterlân krige lykwols net genôch stipe.

Fraksjefoarsitter Lousewies van der Laan wie troch de Fryske ôfdieling útnoege om oer de problemen binnen de partij te praten. By de ôfrûne gemeenteriedsferkiezings is D66 folslein út de Fryske polityk ferdwûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)