Frysk D66 lilk op lanlike partij

20 mrt 2006 - 11:46

It bestjoer fan D66 Fryslân sil in brief op poaten stjoere oan it lanlik partijbestjoer. Yn de brief sil it syn misnoegen jaan oer it optreden fan de lanlike politisy flak foar de rieds- ferkiezings fan 7 maart. D66 hold yn Fryslân by dy ferkiezings gjin sit oer.

De partij tinkt it optreden fan minsken as Dittrich en minister Pechtold dêr de oarsaak fan is. De Fryske ôfdieling wol takom jier miskien ûnder in oare namme oan de steateferkiezings meidwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)