Frysk Boun om Utens wol berik fergrutsje

27 des 2015 - 14:27
  • De webside fan it Frysk Boun om Utens

Mear as hûndert Friezen bûten de provinsje hawwe harren mailgegevens trochjûn oan it Frysk Boun om Utens. Dêrtroch krije se de kommende jierren alle ynformaasje oer de aktiviteiten fan it bûn.

It Frysk Boun om Utens bestiet yn 2023 hûndert jier. Dat wol it bûn graach fiere mei safolle mooglik Friezen om utens. Net alle Friezen dy't bûten de provinsje wenje, binne lid fan in saneamde krite.

Yn de ôfrûne jierren binne der wol sa'n tsien kriten yn de oare Nederlânske provinsjes opheft troch in ferâlderjend ledebestân en in meagere opkomst. It Frysk Boun om Utens wol no fia ynternet eltsenien fan har wurk op de hichte hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)