Frysk Bintsje op atoomtop

23 mrt 2014 - 13:20
  • It Bintsje

De Fryske ierappelsoarte Bintsje is prominint oanwêzich op de atoomtop yn Den Haach. Dat meldt de Volkskrante. 'Aardappel 2' is it earste wat de dielnimmers oan de atoomtop sjogge as se it World Forum yn Den Haach ynstappe.

'Aardappel 2' is in keunstwurk fan Blommers en Schumm en lit de ierappel sjen dy't yn Fryslân as patatierappel te boek stiet. De ierappel is neamd nei Bintsje Jansma fan Hurdegaryp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)